Ljouwert en Fryske Waadeilannen skoare goed op iepenbier ferfier

It iepenbier ferfier yn de provinsje Fryslân krijt yn de saneamde OV-klantebarometer in goede beoardieling. De Fryske Waadeilannen stean lanlik op it twadde plak mei in 8,4. De grutste groeier yn it stedsferfier is Ljouwert. Mei in 8,2 behellet de Fryske haadstêd it tredde plak yn de algemiene top 3.
© Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
It busferfier yn Noard- en Súdwest-Fryslân giet fan in 7,7 nei in 7,8. Súdeast-Fryslân giet fan in 7,6 nei in 7,8. De treintsjinsten yn Fryslân bliuwe, nei de groei fan de ôfrûne jierren, op itselde nivo en wurde wurdearre mei in 7,7.
Yn de algemiene top 3 fan 2018 stiet it stedsferfier fan Ljouwert (8,2) op it tredde plak en de Fryske Waadeilannen (8,4) stean op it twadde plak. As earste is einige Rotterdam-Dordrecht en Drechtsteden, mei in 8,5.
Yn de kategory 'bêste stedsferfier' hat it busferfier fan Ljouwert it earste plak ferovere. Op it twadde en tredde plak stean de bussen fan Den Haag en Lelystad.
In bus fan Arriva op Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
De OV-Klantebarometer is it jierlikse klanttefredenheidsûndersyk yn it iepenbier ferfier. Yn totaal hawwe dit jier 113.909 OV-reizgers by 7.689 ritten de fragelist mei goed tritich fragen ynfolle. It ûndersyk is útfierd troch Goudappel Coffeng, yn opdracht fan CROW-KpVV.
CROW-KpVV is ûnderdiel fan CROW, in kennisplatfoarm foar ynfrastruktuer, iepenbiere romte, ferkear en (iepenbier) ferfier, oanbesteegje en kontraktearje.

Steatssekretaris

Steatssekretaris fan Ynfrastruktuer en Wettersteat Stientje van Veldhoven makke tongersdei by it Jierkongres OV-kampus 2019 de resultaten bekend. Ek rikte se guon prizen út. Se neamt de wurdearring in moai komplimint foar ferfierders en OV-personiel.