Cambuur striidber: "We moeten Utrecht bij de strot pakken en doorknijpen"

11 apr 2019 - 14:09

Cambuur moat freed yn de thúswedstriid tsjin Jong FC Utrecht hoe dan ek de punten pakke, fynt Cambuur-trainer René Hake. Jong FC Utrecht is de nûmer lêst en hat oant no ta mar trije wedstriden wûn. Jong FC Utrecht is wat Hake oanbelanget de ideale tsjinstanner om de strieminne wedstriid fan ferline wike tsjin Telstar te ferjitten.

Cambuur - Jong FC Utrecht - Deelen

"Het gaat maar om één ding: Winnen! Wij moeten Utrecht bij de strot pakken en doorknijpen. Werken aan het doelsaldo? Dat is een romantisch verhaal. Als je met die gedachte het veld in gaat, kun je tegen jezelf gaan spelen. Als de wedstrijd het toelaat dan kan het, maar het is een bijkomstigheid".

By Cambuur kin oanfierder Robbert Schilder net spylje. Hy hat in ankelblessuere. It liket derop dat Schilder net lang blessearre wêze sil. De sintrale ferdigener hat te hearren krigen dat Cambuur syn kontrakt net ferlingje sil en is dus dwaande mei syn lêste wedstriden foar de Ljouwerter klup.

Cambuur - Jong FC Utrecht - Hake

Ek Daan Boerlage, Tyrone Conraad, Robert van Koesveld en Jordy van Deelen binne noch altyd blessearre. Foar de lêste lykje der bettere tiden oan te kommen. Van Deelen is der al mear as in healjier út mei in swiere knibbelblessuere. Hy traint ûndertusken al wer foar in part mei de groep mei en it sjocht der goed út. Oft hy dit seizoen noch oan spyljen takomt is lykwols noch de fraach.

Kevin van Kippersluis en Issa Kallon begjinne freed yn de basis. Hake: "Wij willen de zijkanten goed bezet hebben".

(Advertinsje)
(Advertinsje)