Cambuur nei dit seizoen fierder sûnder oanfierder Robbert Schilder

Cambuur-oanfierder Robbert Schilder spilet syn lêste seizoen foar Cambuur. De 32-jierrige Schilder hie in ôfrinnend kontrakt dat net ferlinge wurdt. Cambuur hat oanjûn net mei him fierder te wollen. De spiler sels hie noch wol bytekenje wollen, seit hy.
Robbert Schilder oan de bal © www.orange-pictures.nl
Robbert Schilder hat op dit stuit in ankelblessuere. Hy sil freed ek net spylje yn de thúswedstriid tsjin Jong FC Utrecht.
Schilder kaam yn 2016 by Cambuur. Nettsjinsteande fiergeande kontakten mei FC Den Bosch, keas hy doe foar de Ljouwerter klup en benammen foar trainer Rob Maas. Dy waard lykwols yn oktober fan dat jier ûntslein. Schilder bleau en hie ek no noch wol langer bliuwe wollen. Cambuur besliste lykwols oars.