"Problemen mei 11Fountains foar de simmer oplosse"

De provinsje moat foar de simmer mei oplossingen komme foar de problemen rûnom de 11Fountains yn Fryslân. De fraksje fan de PvdA hat dêr fragen oer steld oan deputearre Sietske Poepjes.
© Omrop Fryslân
Fia in brânbrief uteren de fonteinkommisjes dizze wike harren noed yn de rjochting fan de provinsje. By guon fonteinen ûntbrekke ynformaasjebuorden en binne wurksumheden noch net ôfmakke.
Foardat de toeristen wer manmachtich nei ús provinsje komme, moatte dizze saken oplost wêze, fynt listlûker Marijke Roskam.
Marijke Roskam oer de problemen mei de LF2018-fonteinen