Crowdfundingsaksje om natuergebiet foar de takomst te rêden

11 apr 2019 - 11:59

It Agrarysk Natuerfûns Fryslân is úteinset mei in crowdfundingsaksje foar it greidefûgelgebiet fan feehâlder Murk Nijdam fan Wommels. Nijdam hat al in heale hektare lân ynrjochte foar greidefûgels, mar wol der graach twa hektare fan meitsje. Op dy wize kinne twa lytsere gebieten ien grut plas-drasgebiet wurde.

Om syn libbenswurk ek foar de takomst te bewarjen, moat it lân úteinlik oernaam wurde troch it Agrarysk Natuerfûns Fryslân. Dy hat der jild foar nedich, it giet om mear as oardel ton. It fûns is dêrom op 'e siik nei jild. Dat dogge se fia crowdfunding en se hawwe in berop dien op de fûgelwachten.

De fûgelwacht fan Boksum e.o. is ien fan de fûgelwachten dy't in bydrage fan 1.000 euro beskikber stelle wol. Se hawwe dat no oan de leden foarlein en elkenien is neffens bestjoerslid Siep Tilma entûsjast.

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld is by boer Nijdam

(advertinsje)
(advertinsje)