Iepen Mienskipsfûns-subsydzje foar tweintich projekten yn Noardeast-Fryslân

11 apr 2019 - 11:56

Tweintich projekten yn de regio Noardeast-Fryslân kinne yn de earste perioade fan dit jier rekkenje op subsydzje út it Iepen Mienskipsfûns. Mei-inoar krije se hast 250.000 euro om te ynvestearjen yn de leefberens yn de regio Noardeast.

Foto: Provinsje Fryslân

Ien fan de projekten is Tûk; in elektryske auto dy't ynwenners fan De Trynwâlden mei-inoar brûke kinne. Foar Tûk is 35.000 euro beskikber út it Mienskipsfûns.

Der giet ek jild nei projekten lykas buerthuzen, ferbouwings en sinnepanielen.

Leefberens

Der kin yn 2019 noch op twa mominten subsydzje út it fûns oanfrege wurde (fan 23 april oant en mei 17 maaie en fan 16 septimber oant en mei 11 oktober). Betingst is altyd dat it projekt bydraacht oan it ferbetterjen fan de leefberens.

(advertinsje)
(advertinsje)