Nije kampanje Merk Fryslân set yn op rêstsykjende toerist

11 apr 2019 - 11:38

Marketingorganisaasje Merk Fryslân lansearret tongersdeitemiddei de nije kampanje 'Druk hè?'. Mei de aksje wol Merk Fryslân ynsette op it ûntrinnen fan grutte massa's toeristen en it kiezen foar kwaliteitstoerisme.

Foto: Postema Media

Martin Cnossen oer de nije kampanije fan Merk Fryslân

Neffens Merk Fryslân wolle hieltyd mear toeristen net mear it massale en drokke op harren fakânsje. 'Detourfakânsjes', om de massa's ynternasjonale toeristen te ûntrinnen, binne de trend.

Rêst en romte

"Wy fine it belangryk toeristen te krijen dy't bewust kieze foar de rêst en de romte dy't Fryslân biedt", seit direkteur Martin Cnossen. "Boppedat hawwe wy de 11fountains, dus genôch plakken foar in orizjinele selfy."

De kampanje fan Merk Fryslân wurdt om 18.00 oere tongersdei offisjeel lansearre mei ferskate fideo's op Facebook.

Trefwurden: 
toerisme Merk Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)