Ljouwerter Annejet van der Zijl sil Boekewikegeskink 2020 skriuwe

11 apr 2019 - 11:01

It Boekewikegeskink fan 2020 sil skreaun wurde troch Annejet van der Zijl. Se is ûnder oare bekend fan it boek Sonny Boy en de biografyen fan Annie M.G. Schmidt en prins Bernhard. Van der Zijl seit al te witten wêr't har nije boek oer gean sil.

Foto: Anja van Wijgerden

Se is "heel blij" mei de opdracht en jout al in tipke fan de sluier: "Net toen dit ter sprake kwam, was ik me aan het verdiepen in een Amerikaans-Nederlandse liefdesgeschiedenis in tijden van onderdrukking en slavernij, de negentiende eeuw dus. Ik ben er inmiddels voor naar Amerika geweest en het is inderdaad een uitzonderlijk verhaal dat me bij uitstek geschikt lijkt voor het brede en hopelijk ook nieuwe publiek dat ik met dit geschenk wil bereiken."

De 85ste Boekewike sil hâlden wurde fan sneon 7 maart oant en mei snein 15 maart. It tema sil letter bekend makke wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)