Rubryk Fries Film Archief: Rients Westra filme it libben fan mysterieuze seedykster Auke de Jong

Tûzenen âlde films út Fryslân binne de ôfrûne jierren oeral weikaam en nei it Fries Film Archief brocht. It hat aardich wat peareltsjes oplevere dy't Omrop Fryslân sjen lit. Yn dizze ôflevering: Rients Westra. As amateurfilmer hat er it libben fan de mysterieuze seedykster Auke de Jong op kamera fêstlein.
PETEAR FH Rubryk Frysk Film Argyf: Rients Westra
Se libben yn de jierren 70 yn grutte earmoed oan de râne fan de seedyk krekt benoarden Seisbierrum: de seedyksters. In sletten mienskip, dy't net folle kontakt hie mei de oare bewenners fan it doarp.
Rients Westra is 87 jier âld en wennet op it stuit mei syn frou Hiltsje van der Ploeg yn Frjentsjer. Hy hat syn hiele libben yn de ierappelhannel sitten. Yn de jierren 50 kaam Westra foar de earste kear yn oanrekking mei film op syn ferlovingsfeest. "Ik tocht: as sy it kinne, dan kin ik it ek." Rients filme yn de jierren 60 en 70 alles wat er tsjinkaam. Syn famylje, de húshâlding, mar ek fan alles yn it doarp.
Yn it begjin moast ik alle kearen nei Harns ta foar filmkes, dy ferkochten se dêr foar 10 gûne en dêr koe ik dan 6 oant 10 minuten mei filmje.
Rients Westra, amateurfilmmakker
"Ik besocht om troch myn opnamen ferhalen te fertellen. Ik wit bygelyks de gemeenteriedsferkiezing noch goed yn dy tiid. Der wienen fjouwer partijen. Fan elk siet ien op 'e stoel te tellen wa't wol en wa't net kaam om te stimmen. As se dan ien misten, waard dy fan hûs helle sadat dy noch stimme koe."
It filmjen gie ek net fansels. It wie in hiele djoere hobby. Westra: "Yn it begjin moast ik alle kearen nei Harns ta foar filmkes. Dy ferkochten se dêr foar 10 gûne en dêr koe ik dan 6 oant 10 minuten mei filmje," fertelt er.
© Fries Film Archief
De moaiste opnamen dy't Westra makke hat, wiene fan in tal seedyksters. Ald fiskers dy't op de seedyk wennen, mei yn it bysûnder 'âlde Auke de Jong'. Hy wenne allinnich yn in lyts húske mei in stikken en lekkend dak oan de seedyk. Auke bemuoide him net mei de wrâld om him hinne. Hy woe net mei de minsken prate, útsein mei Rients.
"Ik filme altyd dat er by de seedyk op gie. Hy fûn it moai om de see en it lân yn ien blik te sjen", fertelt Westra. "En wat koe dy man prate, dat hie gjinien tocht. As der bygelyks fleantugen oerfleagen as hy bûtendoar stie, dan begûn er op se te flokken. Ik koe dat spitigernôch net fêstlizze, want wy hienen noch gjin lûd by de film."
© Fries Film Archief
Westra krige in hiel soad reaksjes fan syn doarpsgenoaten op dizze films. "Fan binnen fielde ik wol dat it allegearre moaie minsken wienen dy't ik filme, mar pas letter as ik de reaksjes hearde, wist ik hoefolle oft it betsjutte.
De filmkes joegen antwurd op fragen dy't minsken hienen." Westra filme saken dêr't minsken miskien in bytsje bang foar wienen en dingen dêr't se neat oer wisten. "Troch myn films koenen se it no goed besjen. Dy bylden bliuwe foar altyd bestean. It wie in moaie tiid."
© Fries Film Archief

Fries Film Archief

It Fries Film Archief hat op it stuit sa'n 13.000 films en fideo's yn de kolleksje. Allegear materiaal dat yn Fryslân filme is of dat in relaasje mei Fryslân hat. De kolleksje fan it filmargyf is de ôfrûne jierren groeid, omdat it argyf dielnimt oan it Deltaplan Digitalisearring Kultureel Erfgoed. Sa krige it argyf de middels om nije kolleksjes te sammeljen en te argivearjen en in grut part dêrfan te digitalisearjen en foar it publyk tagonklik te meitsjen.