Ljouwerter skilder yn de lear by ferneamde Amerikaanske keunstner

11 apr 2019 - 10:39

De Fryske skilder LJ van Tuinen is foar seis wike yn Amearika yn de lear by de ferneamde keunstner John Pugh. It is ûnderdiel fan it projekt Writer's Block, bekend fan de grutte graffitykeunstwurken op gebouwen yn Ljouwert.

In keunstwurk fan Van Tuinen yn Ljouwert - Foto: Google Street View

Keunstner LJ van Tuinen sit yn Amearika

Van Tuinen sit op it stuit yn Reno, oan de westkust. Hy is benammen nachts oan it wurk. "Dat is het ritme van de kunstenaar en daar moet ik me aan aanpassen", fertelt er.

Van Tuinen makket in soad gebrûk fan de saneamde 'trompe l'oeil'-technyk: gesichtsbedroch. "John Pugh is een van de weinigen die hier echt nog mee bezig is in de wereld. Op hele grote schaal maakt hij gigantische muurschilderingen." Van Tuinen tinkt dat er in soad fan him leare kin.

Foto: LJ van Tuinen

It duorre wol efkes foardat it de Ljouwerter slagge om by Pugh yn 'e lear te kommen. "Het begon met het graffitifestival van Writer's Block. Het idee was dat ik op het Stadskantoor in Leeuwarden een muurschildering zou maken. Daarbij was het uitgangspunt dat ik dat samen met iemand zou doen die als een soort mentor zou optreden, om mij verder te helpen in mijn ontwikkeling. Ik heb zelf contact gelegd met John Pugh."

Pugh koe yn 2018 lykwols net nei Ljouwert komme. Mar it kontakt bleau. "Hij heeft m'n werk gezien. Dat vond hij dusdanig goed dat hij zei: misschien is het leuk als je naar Californië komt en dat ik jou het een en ander ga leren."

It giet om in soarte fan staazje dus. "We zijn echt aan het schilderen, met ouderwetse technieken. Het is eigenlijk ook geen graffiti, want de spuitbus wordt niet gebruikt. Het is heel goed naar waarnemingen schilderen, goed kijken, veel kleuren mengen, overgangen. Het is technisch heel interessant."

As Van Tuinen wer yn Nederlân is, sil er oan de slach mei in graffityprojekt yn Aldeboarn. "Voor een grote brug waarbij streetart, graffiti en trompe l'oeil aan bod zullen komen." Hy hoopt syn nije ûnderfining dan tapasse te kinnen.

(advertinsje)