Kollum: "Belizzing"

"Hjir komt in belizzingstip. Net oan elkenien fertelle, mar it is tige lukratyf, it is legaal en it is foar elkenien mei in kompjûter en fan hûndert euro ôf om mei te boartsjen beskikber. Boppedat is it rendemint sa goed as garandearre.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Botte Jellema
Dit is watst dwaan moatst. Nim in abonnemint op de nijsbrieven fan Mojo, de konsertorganisator. Mojo Concerts is de partij achter North Sea Jazz, Lowlands, Parkpop, Bospop, Down the Rabbit Hole, Pinkpop en ek it nije Eilân op Skylge. Yn it koart: alle grutte muzykfestivals binne yn hannen fan Mojo. Abonnearje dy yn elk gefal op de nijsbrieven fan de grutte trije: North Sea Jazz, Pinkpop en Lowlands.
Negearje alles wat yn dy nijsbrieven stiet, útsein de oankundiging fan wannear'tst kaarten keapje kinst foar de festivals. Dy datum moatst mei reade pinne op dyn kalinder skriuwe, of mei trije alerts yn dyn digitale aginda sette. Op dy dei en dy krekte tiid moatst thús wêze, direkt jild beskikber ha om te ynvestearjen, alles klear hawwe om in iDeal-betelling dwaan te kinnen en fansels in rappe kompjûter mei ynternet ha.
As de kaarten beskikber komme, keapest watst keapje kinst. Sels al hast mar hûndert euro, dan kinst al in kaartsje foar bygelyks ien dei North Sea Jazz keapje. Ynvestearje! Safolle mooglik, want dêrnei begjint it.
Mar earst is it rêstich wachtsjen. Hoe lang? Hjirby komme de nijsbrieven wer fan pas. Hâld dêrmei yn 'e gaten wannear't it festival dêr'tsto kaarten foar kocht hast belangryk nijs hat, lykas in grutte act dy't oankundige wurdt.
Ja, want do moatst witte: spesjaal foar handige belizzers lykasto no wurdst, is it steande praktyk datst festivalkaarten keapje kinst, al fier foardat artysten dy't op it festival komme bekend binne. Muzykleafhawwers slute efteroan yn 'e rige, en dêr kinsto dyn foardiel mei dwaan. As dy artysten dan al oankundige wurde, dan kinst sjen dat de fraach nei kaarten tanimt. Ek yn 'e oanrin nei it festival, sis in wike fan tefoaren, kinst dyn slach slaan.
Dan komt de folgjende stap. We dogge dit legaal, dus we gean net nei Marktplaats of sokssawat, nee, we biede se oan op Ticketswap. Ticketswap is in offisjele site fan in pear handige jonges, dy't mei tefolle minsken op in te grut kantoar yn in te djoer pân sitte. Se steane selsfoldien op foto's op harren website mei bubbels en tafelfuotbaltafels; lûk dy dêr neat fan oan.
It giet derom dat sy dy tastean om dyn earder kochte festivalkaartsjes fan 'e hân te dwaan foar 120 persint fan 'e priis. Dêr hâlde se sels 5 persint fan - dus dêrfandinne dy bubbels en dy skyfakânsjekoppen op 'e foto's - mar do hast dus yn ien klap 14 persint winst.
Fjirtjin persint! Ast dy hûndert euro op 'e bank stean litst, dan moatst der tsjintwurdich hast jild op ta jaan, sa leech is de rinte. En dit harkest yn in pear wiken binnen. Garandearre, want nim no in kaartsje foar de sneons fan North Sea Jazz: op 'e website fan North Sea kostet dat 95 euro, mei noch wat kosten derby, dus sis 105 euro, en dy is al útferkocht.
Op Ticketswap stiet dat der op dit stuit 853 minsken binne dy't in kaartsje foar dy dei ha wolle. Sels foar de sneins fan North Sea wurde op Ticketswap al 295 kaarten socht - wylst ast dy noch gewoan foar 95 euro op de site fan North Sea keapje kinst. Hannel!
Moat ik noch mear sizze. Kinst der acht keapje, no noch, en dan bist 840 euro kwyt. Setst se dêrnei op Ticketswap, even wachtsje, en pakst 840 x 14 persint = 117,60 euro, fergees, legaal en rap fertsjinne jild. Kinst dêrnei eins fergees nei it North Sea Jazz Festival.
Moatst allinnich my dêr dan net tsjin komme, as ien dy't graach nei North Sea Jazz giet en graach kaartsjes keapje wol as er wit hokker artysten dêr dan binne, as muzykleafhawwer en ien dy't fan earlike hannel hâldt.
Want ik byn dyn hannen op dyn rêch, set dy in koptelefoan op, en lit dy pas wer gean neidatst alle Eurovisiesongfestifalferskes dy't ea ynstjoerd binne gronologysk en hielendal heard hast."