Girlsday moat famkes waarm meitsje foar karriêre yn de technyk

11 apr 2019 - 08:18

It is tongersdei Girlsday by de hightech- en ICT-bedriuwen. Mear as 400 famkes fan 10 oant 15 jier út Fryslân en Drinte komme dit jier yn 'e kunde mei de bedriuwen fan it ynnovaasjekluster Drachten. Yn Fryslân krije sy in spesjaal programma by Philips en BD en yn Drinte is der ek in tocht by grutte bedriuwen del.

Foto: Google Street View

It evenemint is al ferskate kearen organisearre. It doel is om famkes entûsjast te meitsjen foar technyk.

"Het is ook om te laten zien dat de bedrijven in het innovatiecluster vrouwvriendelijke bedrijven zijn. Er zijn veel meisjes die geïnteresseerd zijn in techniek, maar die toch wel huiverig zijn om in een technologisch bedrijf te werken", fertelt Joost Krebbekx, programma-manager fan it ynnovaasjekluster yn Drachten.

Joost Krebbekx oan it wurd

Dêrom hawwe se Jildou Valk útnûge. Sy is ien fan de Froulju fan Fryslân dy't in stânbyld krijt. Valk studearret wurktúchboukunde en hopet oare famkes derfan te oertsjûgjen ek de technyk yn te gean. "Op die manier proberen we daar een drempel weg te nemen. Het zijn vooral doe-activiteiten, die te maken hebben met de technologieën binnen de bedrijven, zoals 3D-printers en VR-brillen."

Krebbekx merkt de resultaten fan de Girlsday al. "Vooral bij de hbo- en wo-opleidingen. We zien ook hoe veel studenten daar bij ons op bezoek komen en het aantal meisjes daarin groeit. Dat betekent ook dat we steeds meer meisjes aannemen. Op het gebied van mbo mag dat denk ik wel een beetje meer."

(advertinsje)
(advertinsje)