Brângefaarlike cv's yn hierwenten; Rypster famylje op 'e syk nei oplossing

Yn Fryslân binne der yn hierhuzen in soad gefaarlike cv-tsjettels fan leveransier Agpo Ferroli ynstallearre. De famylje Veldema út Dronryp kin dêroer meiprate. In skoft lyn kamen der nuvere lûden út harren tsjettel, wêrnei't it apparaat ûntplofte. Fan leveransier Agpo Ferroli kaam der in monteur del dy't de tsjettel net ferfange woe, mar wol provisoarysk reparearre.
De ûntplofte cv-tsjettel © Omrop Fryslân
"De cv wie finaal trochbaarnd. Doe hawwe wy kontakt opnaam mei Wonen Noordwest Friesland", fertelt Johannes Veldema. Dy feriening joech ynstallaasjebedriuw Feenstra de opdracht om in nije tsjettel te ynstallearjen. Dêr wie de fabrikant it lykwols net mei iens.
Dy stjoerde in monteur, dy't hielendal út Eindhoven komme moast. "De binnenwand wurdt waarm, dus we seine: we wolle der in mantel omhinne ha. Doe woe hy de âlde mantel der wer omhinne dwaan." Dat seagen de Veldema's net sitten, want de mantel wie trochbaarnd. "No hawwe we der in mantel omhinne krigen dy't net past."
De ferbaarnde mantel © Omrop Fryslân
Johannes Veldema út Dronryp fertelt oer de cv-tsjettel
In oantal dagen lyn makke de tsjettel wer alarmearjende lûden. Mar de famylje Veldema wol de monteur fan de fabrikant der net wer by hawwe. Dêrom is der no noch gjin oplossing en libje se mei in ûnwis gefoel yn harren hierwente yn Dronryp.