Nije kommisjeleden beëdige yn Provinsjale Steaten

10 apr 2019 - 23:00

By seis fan de tolve fraksjes yn Provinsjale Steaten is woansdei in nij kommisjelid beëdige. In kommisjelid is gjin lid fan Provinsjale Steaten, mar kin wol meidwaan oan it debat yn de Steatekommisje.

Foto: Omrop Fryslân

It kommisjelid kin út namme fan de fraksje lid wêze fan steatewurkgroepen en it wurd dwaan op de Steatemerk. It giet om seis manlju dy't woansdei troch kommissaris fan de Kening Arno Brok beëdige binne as kommisjelid. Trije fan dy seis ha sels earder al steatelid west.

(advertinsje)
(advertinsje)