Hoe kin in ramp as mei de MSC Zoe yn de takomst foarkaam wurde?

10 apr 2019 - 22:44

In hiele optocht fan saakkundigen kaam woansdei oan it wurd yn de De Twadde Keamer oer it tema: Hoe kin in ramp as mei de MSC Zoe yn de takomst foarkaam wurde? Under oaren it Fryske Twadde Keamerlid Aukje de Vries fan de VVD en direkteur Lutz Jacobi fan de Waadferiening wiene oanwêzich.

Remco by de harksit

De fêste kommisje foar Ynfrastruktuer en Wettersteat liet deskundigen oanskowe, om te befreegjen oer de ynset fan de helptsjinsten en oerheden, de bergingsoperaasje en de gefolgen foar de natuer, fiskerij en rekreaasje. Neffens Twadde Keamerlid Aukje de Vries fan de VVD wie dizze harksit foar de ynformaasje in goede saak.

Lutz Jacobi wie as direkteur fan de Waadferiening oanwêzich. Sy wol de skea op de lange termyn ek noch oanpakke kinne en wol derfoar in spesjaal fûns opsette, ek al moat der in rjochtsaak foar oanspand wurde. Mei juristen wol de Waadferiening besjen oft de natuurskea ferhelle wurde kin op de reder.

Ien fan de inisjatyfnimmers fan de harksit, Suzanne Kröger fan GroenLinks, hat al in earste konklúzje lutsen út de harksit. Se wol ûnder oare dat konteners tenei better fêstset wurde en dat dêr better tafersjoch op komt. Fierders moatte grutte kontenerskippen neffens har net mear sa ticht by kwetsbere natuergebieten del farre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)