Al mear as 100 ideeën trochjûn nei oprop foar sjoernalistyk ûndersyk

10 apr 2019 - 22:15

Op de oprop foar ideeën foar sjoernalistyk ûndersyk yn Noard- en East-Nederlân binne yn oardel wike al mear as 100 foarstellen binnenkaam. De regionale omroppen Omrop Fryslân, RTV Noord, RTV Drenthe en RTV Oost en ûndersyksplatfoarm Follow the Money diene dy oprop begjin april. It mienskiplik publyk kin noch oant en mei moandei in ûndersyksfoarstel yntsjinje.

Foto: Follow the Money

Follow the Money neamt de lansearring fan it projekt in grut sukses, mei 102 foarstellen, mear as 25.000 besikers en tûzenen stimmen. Net allinnich dizze oantallen, mar ek de kwaliteit en de relevânsje fan de pitches ha foar ferrassing soarge.

Sa binne der foarstellen yntsjinne foar sjoernalistyk ûndersyk nei bygelyks de soarch en it jild wat dêryn omgiet, nei min belied fan gemeenten, nei fergrizing en ûntfolking fersus wurkgelegenheid.

Hoe kinst dyn idee trochjaan?

Wolsto ek in foarstel yntsjinje of op in idee stimme? Dat kin noch oant en mei moandei 15 april 24.00 oere. Op dizze webside kinst dyn ideeën kwyt: https://www.omropfryslan.nl/pitchnoordoost.

Lêzers fan de foarstellen kinne kommentaar leverje, oanfollingen jaan en tsjinsten oanbiede. Sa wurdt it idee allinne mar better. Op social media kinst oer dyn foarstel skriuwe, brûk dêrfoar de hashtag #noordoostpitch.

It winnende foarstel krijt in passende beleanning, nammentlik dat it útfierd wurdt. Dit jier wurde op syn minst fjouwer projekten útfierd.

Omrop Fryslân, RTV Noord, RTV Drenthe en RTV Oost ha begjin dit jier in oerienkomst sletten dêr't se struktureel gearwurkje sille op it mêd fan ûndersykssjoernalistyk. Troch dat mei elkoar te dwaan, kinst mear boppe wetter krije, is it idee derachter.

(advertinsje)
(advertinsje)