Súdwest-Fryslân mocht hierefterstân Sisa net ferrekkenje mei subsydzje

10 apr 2019 - 21:39

De Ried fan Steat hat de gemeente Súdwest-Fryslân op 'e fingers tikke yn de saak om it fallisemint fan Sisa berne-opfang en pjutteboartersplakken yn 2016.

It gemeentehûs fan Súdwest-Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De gemeente hie noch 32.000 euro hierêfterstân tegoede, mar koe dêr nei it fallisemint nei fluitsje. It ferlies waard ferrekkene mei 34.000 euro subsydzje dy't noch iepen stie. Dy wurkwize mei lykwols net, sa hat de Ried fan Steat woansdei yn heger berop bepaald.

De kurator kin de 34.000 euro no brûke om skuldeaskers temjitte te kommen. De gemeente kin noch wol nei de sivile rjochter stappe, om de fallisemintsferdieling oan te fjochtsjen.

(advertinsje)
(advertinsje)