Kampanje '11huisartsen' moat driigjend tekoart oan húsdokters oanpakke

10 apr 2019 - 21:09

Binnen in oantal jier sil in groeiend oantal húsdokters mei pensjoen gean en dêrtroch kin der op ferskate plakken in akút tekoart oan húsdokters ûntstean. De Friese Huisartsen Vereniging en Provinsje Fryslân binne dêrom úteinset mei de kampanje '11huisartsen', om der foar te soargjen dat der mear húsdokters nei Fryslân komme.

Ferskate húsdokters fan binnen en bûten Fryslân hawwe woansdeitemiddei in tocht dien lâns húsdokterspraktiken. By de saneamde '11praktijkentocht' giene de húsdokters by praktiken del om te sjen oft se ek nei Fryslân komme wolle, om hjir by in praktyk te wurkjen of in praktyk oer te nimmen.

De organisaasje fan de tocht is entûsjast en bliid mei de opkomst. De provinsje hopet mei de kampanje foaral yn te spyljen op de mooglikheden dy't hjir binne foar húsdokters en foar harren faak heechoplate partners.

Foto: Omrop Fryslân

Manon Urff is ien fan de húsdokters dy't fan Utrecht nei Fryslân kaam is. Foar har binne de mooglikheden yn de provinsje de grutste reden om hjir te wurkjen. "Er is hier gewoon heel veel werk en dat geeft je heel veel vrijheid", seit Urff. Ek de romte wie foar har en har famylje in reden om nei it Noarden te ferhúzjen.

Neffens Erik Dijkstra fan de Landelijke Huisartsen Vereniging binne se dêryn net de iennige. "Het platteland is populair. We moeten vooral de steden op de kaart zetten", seit Dijkstra.

Erik Dijkstra oer it húsdokterstekoart en Manon Urff oer it wurkjen yn Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)