Epke Zonderland as twadde nei rekstôkfinale op EK yn Poalen

10 apr 2019 - 20:48

Epke Zonderland hat him woansdei op it Europeesk kampioenskip yn Poalen pleatst foar de rekstôkfinale. De Fryske turner kaam ta in skoare fan 14.533 en dat wie genôch foar it twadde plak yn de kwalifikaasje.

Foto: OrangePictures

Yn Sczescin turne Zonderland in stabile oefening mei ûnder oare in kombinaasje fan de Cassina en de Kovacs. Allinnich Artur Dalaloyan út Ruslân behelle mei 14.666 punten in hegere skoare. Tin Sribric út Kroäsië, dy't yn 2017 wrâldkampioen waard, einige mei 14.500 punten as tredde.

Zonderland wie tige tefreden mei syn prestaasje. "As ik nei in wedstriid ta wurkje, kin ik op de wedstriiddei faak in bytsje boppe mysels útstiigje. Dat gefoel hie ik no ek, dat wie wol lekker", sa seit de Fries. "Dat it echt lekker rint en licht fielt, hie ik noch net echt hân."

Kandidaat foar it poadium

"As der in kombinaasje misgean koe, wie it de earste, mei de Kovacs. Dy gie goed, dat wie mentaal fijn", seit Zonderland. "Ast dit puntetotaal skoare kinst, bist wol in kandidaat foar it poadium. In titel hjir is my folle mear wurdich as by in wrâldbeker. It is moai om der op in EK te stean, dat slagget net altyd. Yn de finale moat it noch efkes barre."

Zonderland die ek noch mei oan it ûnderdiel brêge, mar dêrop kaam hy net fierder as it trettjinde plak. Dat wie net genôch foar in twadde tastelfinale.

Gjin sukses foar Bletterman

Michel Bletterman fan Ljouwert is op it ûnderdiel mearkamp net troch de kwalifikaasjes kaam. Troch in oantal flaters kaam hy mei in skoare fan 73.764 net yn de buert fan de earste 24.

(advertinsje)
(advertinsje)