Ried fan Steat jout grien ljocht foar kontroversjele bou lúkse rekreaasjewenten

10 apr 2019 - 20:36

De kontroversjele bou fan 19 lúkse rekreaasjewenten en 4 twa-ûnder-ienkapwenten op Skylge kin trochgean. De Ried fan Steat hat woansdei de beswieren tsjin it plan fan tafel fage.

Foto: Segesta

De tsjinstanners sizze dat der op it eilân folle mear ferlet is fan starters- en trochstreamwenten, mar de Ried fan Steat gie dêr net yn mei.

Yn de definitive útspraak wurdt fierder sein dat it plan fan ûntwikkeler Segesta prima past binnen it romtlik belied fan it eilân. Sa is it plan net yn striid mei de strange beskermingsregels foar it Waadgebiet. De wenten sille boud wurde by it Griene Strân by West-Skylge.

(Advertinsje)
(Advertinsje)