Surhuzumer hat wer berneporno yn besit en moat de sel yn
In 46-jierrige man út Surhuzum is opnij feroardiele foar it yn besit hawwen fan berneporno. De rjochtbank hat de man dêrom feroardiele ta de heechste wurkstraf fan 240 oeren. Ek moat hy noch 90 dagen de sel yn.
Yn 2015 krige de Surhuzumer in selstraf ûnder betingst foar itselde feit. Om't de man yn syn proeftiid opnij de fout yn gie, moat hy syn straf dochs útsitte.
De reklassearring sil de man fierder net mear begeliede, om't hy syn gedrach net feroarje wol.