FIDEO: Feest mei gigantyske taart by Fryske ûndernimming fan it jier

10 apr 2019 - 19:59

Mei in enoarme taart hat it personiel fan Bakker Transport & Warehousing fan It Hearrenfean woansdei de útferkiezing ta Fryske ûndernimming fan it jier fierd. It bedriuw wûn de titel tiisdeitejûn by de finale yn Dokkum. Oprjochter Anne Bakker begûn syn bedriuw yn 1989 efter syn buro op in souderkeammerke. Hjoed-de-dei telt de ûndernimming 120 wurknimmers.

Undernimmer fan it Jier

(Advertinsje)
(Advertinsje)