UITfestival Ljouwert hâldt op no't gemeente gjin jild mear beskikber stelt

10 apr 2019 - 18:18

UITfestival Ljouwert wie al jierren de tradisjonele ôftraap fan it kulturele seizoen. Mar fan 2019 ôf net mear: neffens de organisaasje kin it net mear út no't de gemeente Ljouwert gjin subsydzje mear jout.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It festival sjocht gjin mooglikheid mear om troch te gean. Gemeente Ljouwert wie de wichtichste besoarger fan subsydzje oan it festival. Lykwols hat de gemeente resintlik oanjûn dat der foar 2019 en de jierren dêrnei gjin 'finansjele romte' mear is om it evenemint ôfdwaande te stypjen.

Net genôch budzjet

It budzjet fan de gemeente wie sa'n 40.000 yn it jier en waard oanfolle troch ferskate lokale, provinsjale en lanlike fûnsen. "Zonder de benodigde funding in de basis is het voor ons niet mogelijk een festival te organiseren dat recht doet aan de kwaliteit en uitstraling die de afgelopen jaren is opgebouwd. En aan die kwaliteit en uitstraling willen we niet tornen", jout de organisaasje fan it UITfestival oan.

Tûzenen besikers

Yn trochsneed luts it UITfestival yn de Prinsetún yn de ôfrûne jierren tusken de 25.000 en 30.000 besikers. Neffens de organisatoaren wie it de grutste ko-produksje yn de gemeente, om't kulturele organisaasjes en oanbieders fan kultueredukaasje mei-inoar de dei op tou setten. Besikers krigen allerhanne foarpriuwkes fan wat der it kommende seizoen op kultureel gebiet yn en om Ljouwert barre soe.

Earder is der ek alris besunige op de subsydzje, mar doe is de organisaasje noch krekt rêden.

Trefwurden: 
Ljouwert kultuer Uitfestival
(advertinsje)