SC Hearrenfean seach gjin "perspectief en aanknopingspunten" mear mei Olde Riekerink

10 apr 2019 - 17:49

SC Hearrenfean seach gjin perspektyf mear om troch te gean mei trainer Jan Olde Riekerink. Dat seit technysk manager Gerry Hamstra fan de fuotbalklup. Olde Riekerink waard woansdei fuortendaliks op non-aktyf set.

Neffens Hamstra is it beslút om de gearwurking op te sizzen net allinnich basearre op de minne resultaten fan benammen de lêste fjouwer wedstriden. "Je hebt in de sport wel vaker mindere resultaten. We hebben ook weleens vijf wedstrijden op rij verloren, we hebben wel eens een keer negen uitwedstrijden op rij verloren. Maar dan kijk je altijd van: hé, waar is er perspectief en hoe gaan dingen door. En daar hebben we nu te weinig aanknopingspunten voor."

It hat neffens Hamstra gjin emosjonele beslissing west. "Daarom is die ook zondagavond niet genomen. We hebben maandag en dinsdag gesprekken gevoerd met de staf en met de trainer. Uiteindelijk zijn we vandaag tot de conclusie gekomen dat het beter is om uit elkaar te gaan."

Fol enerzjy

De taken fan Olde Riekerink wurde oernommen troch assistint-trainer Johnny Jansen. Mei de rest fan de stêf sil hy it seizoen ôfmeitsje. "Dat heeft goed gefunctioneerd op eerdere momenten en we hebben gewoon vertrouwen in deze jongens", seit Hamstra. "Dat ze het voor elkaar kunnen krijgen om een elftal op de been te brengen dat vol energie zondag Groningen gaat bestrijden en daarvan probeert te winnen."

Snein spilet SC Hearrenfean thús de noardlike derby tsjin FC Grins.

Gerry Hamstra - Foto: Omrop Fryslân

Technysk manager Gerry Hamstra fan SC Hearrenfean

(advertinsje)
(advertinsje)