Ferhalewedstriid foar bern moat in film opleverje

10 apr 2019 - 16:44

Stel dy foar, in film dy't makke is fan in ferhaal fan dyn eigen hân. It liket miskien fier fuort. Mar asto in ferhaal skriuwe kinst oer duorsumens, digitale takomst of ferskaat, is dit dyn kans. Skriuwer Dick van den Heuvel hat mei syn filmstichting Dokafix in ferhalewedstriid útskreaun foar bern fan 12 oant en mei 20 jier.

"We leven in een snel veranderende wereld. Jeugd wordt hiermee geconfronteerd. het zou goed zijn om vroeg te vragen om over zulke thema's na te denken en te schrijven", leit Van den Heuvel út. Hy hat trije ûnderwerpen betocht dêr't bern oer skriuwe meie: duorsumens, digitale takomst en ferskaat. "Voor de beste verhalen uit Groningen, Friesland en Drenthe stellen we prijzen beschikbaar."

Der wurdt ek in ferhaal ferfilme. Ut de trije bêste ynstjoeringen komt in winner, ien ferhaal út elke provinsje. Ut harren ferhalen sil úteinlik it filmskript selektearre wurde.

Sjuery mei bekende skriuwers

"De verhalen worden door verschillende schrijvers beoordeeld, onder wie Jan Terlouw. Zij kiezen het beste verhaal", leit Van den Heuvel út. "Wij zetten het naderhand om naar een filmscript", jout Van den Heuvel oan. De jonge auteurs meie de ferfilming fan harren stik bywenje.

Kameraman - Foto: Shutterstock.com

Minsken kinne harren oanmelde by stichting Dokafix Filmproduksjes en dy stjoert harren ek de betingsten. Neffens Van den Heuvel hat NOVA-Noord as koepelorganisaasje foar amateurfilmers út Fryslân, Grins en Drinte in soad ûnderfining mei it wurkjen mei bern.

Ynspiraasje is neffens Dick van den Heuvel genôch te finen. "De digitale toekomst is best spannend, welke kant gaan we op? Er zijn veel dingen waar je eindeloos over kunt fantaseren en filosoferen."

Oanmelde kin foar 1 oktober fia www.dokafix.nl. De betingsten binne ek te finen op dizze webside.

(advertinsje)
(advertinsje)