Tal fytsedieverijen yn Fryslân heart by leechste fan it lân
Yn fergeliking mei oare provinsjes is Fryslân relatyf feilich as it om fytsedieverij giet. Op 1.000 ynwenners wurde yn Fryslân yn trochsneed 22 fytsen stellen. Dat makket dat de provinsje op in twadde plak stiet as it giet om it feilich delsetten fan fytsen.
De provinsje Fryslân dielt har twadde plak mei Drinte, inkeld yn Seelân is de kâns op in stellen fyts lytser mei mar 12 stellen fytsen op 1.000 ynwenners. It byld is hiel oars as yn Noard-Hollân, dêr is de kâns op dieverij rom trije kear sa grut as yn Fryslân: 73 stellen fytsen op 1.000 ynwenners.
Pas op by winkelgebieten
It grutske risiko op in stellen fyts is ûnder it winkeljen. Sa'n 29 persint fan de fytsedieverijen fynt plak yn de buert fan in winkelgebiet. Ek wurde der folle fytsen stellen by treinstasjons en rûnom de eigen wenning. Stasjons en wenten foarmje tegearre as lokaasjes 21 persint fan de fytsedieverijen.
Dizze sifers komme út in lyts ûndersyk nei de trends op fytsgebiet fan de Fietsersbond as belangebehertiger foar fytsers, yn gearwurking mei online winkel Beslist.