Jan Olde Riekerink fuortendaliks op non-aktyf by SC Hearrenfean

10 apr 2019 - 14:54

Trainer Jan Olde Riekerink is fuortendaliks op non-aktyf setten by SC Hearrenfean. De klup ferlear ôfrûne snein noch teloarstellend mei 2-0 fan promovendus FC Emmen.

Assistint-trainer Johnny Jansen nimt de taken foarearst oer. Olde Riekerink wie sûnt ôfrûne simmer aktyf by SC Hearrenfean. De klup is ûnder syn lieding dwaande oan in wikseljend seizoen.

Under lieding fan Olde Riekerink waard der earder dit seizoen ek al ferlern fan degradaasjekandidaten NAC en De Graafschap. Ien fan de doelstellings oan it begjin fan it seizoen wie dielnimming oan de play-offs om Europeesk fuotbal. Op dit stuit stiet de klup dêr fjouwer punten achter. Snein stiet de noardlike derby tsjin FC Grins op it programma.

Op de webside fan de klup wurdt Jan Olde Riekerink betanke foar syn wurk by SC Hearrenfean.

Foto: www.orange-pictures.nl
(advertinsje)