LIVE: Dieuwertje Blok yn iepenUP

10 apr 2019 - 14:45

Woansdei is iepenUP Live spesjaal foar bern. It bernekolleezje fan iepenUP is ûnderdiel fan in rige Frijheidskolleezjes dy't rûnom yn it lân hâlden wurde. Om 15.00 oere is it Frijheidskolleezje mei Dieuwertje Blok te sjen.

Blok wit út persoanlike ûnderfining fanút har famylje dat frijheid net fanselssprekkend is. Har mem wie fan Joadske komôf en har beppe wie de ynternasjonaal ferneamde keunstner Stella Fontaine. Sy wist yn de Twadde Wrâldoarloch ûnder te dûken, mar oare famyljeleden waarden fermoarde yn de konsintraasjekampen fan Sobibór en Auschwitz.

It bernekolleezje is woansdei 10 april yn de Neushoorn yn Ljouwert. It is allinnich tagonklik foar bern yn de leeftiid fan 9 oant 12 jier, en harren âlden.

Foto: Omrop Fryslân

Alle woansdeis stean yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal. Hoe libje wy mei ús allen, hokker subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.

Elkenien kin oanwaaie en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein (dit kear dus om 15.00 oere) en is te folgjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op de Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

Trefwurden: 
IepenUP live Dieuwertje Blok
(advertinsje)
(advertinsje)