Frits Barend: "Dit is één van de mooiste dagen van mijn leven"

Jelle en Jeltje de Vries fan Aldegea (De Fryske Marren) binne de echte helden fan dizze wrâld. Dat sei Frits Barend woansdei by de oerdracht fan it grêf fan it echtpear De Vries oan de skoalle fan Aldegea. Hy wie dêr tegearre mei syn broer Bert en meardere famyljeleden, dy't allegear harren bestean te tankjen hawwe oan Jelle en Jeltje. Sy fongen yn de oarloch Bert en syn heit en mem op by harren pleats doe't se ûnderdûke moasten foar de Dútsers.
Frits Barend
Bert Barend fertelde de bern op basisskoalle De Fluessen hoe't it der yn de Twadde Wrâldoarloch oan ta gie yn Aldegea. Hy moast krekt dwaan oft Jelle en Jeltje syn echte heit en mem wiene. En dat wie net dreech as 2-jierrige. "Ik wist niet beter. Pas na de oorlog realiseerde ik me hoe het echt zat. Ze moesten het me uitleggen."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
It hiele doarp wist dat der joaden sieten op de pleats fan De Vries. Mar net ien sei der wat fan. Foar Bert Barend betsjutte it dat er gewoan de strjitte op koe en mei oare bern út it doarp boartsje koe. "En dat maakt het wat mij betreft zo bijzonder", sa seit broer Frits Barend.
Hy is sels fan nei de oarloch, mar ek hy is it doarp noch altyd hiel tankber. "Ik ben me er heel erg van bewust dat ook ik er niet was geweest zonder Jelle, Jeltje en de rest van het dorp."
Bert Barend fertelt oer syn ûnderfinings © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
En dat datselde doarp no ek wer passe wol op it grêf fan it echtpear en oandacht besteget oan harren ferhaal is neffens Barend hiel bysûnder. Basisskoalle De Fluessen sil fan woansdei ôf it grêf ûnderhâlde. Mei in spesjale gearkomste op skoalle en yn tsjerke waard it grêf offisjeel oan de skoalle oerdroegen.
De famylje Barend wie djip ûnder de yndruk. "Ik vind dit echt één van de mooiste dagen van mijn leven. Om te zien hoeveel warmte er in dit dorp is en hoe ze omgaan met dit verhaal. Ik vind het echt heel bijzonder", sei Frits Barend.
Frits (links) en Barbara Barend (rjochts) yn de tsjerke fan Aldegea © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga