Frysk sukses op wrâldkampioenskip colorguard

Je hawwe der miskien noch nea fan heard, mar wy hawwe yn Fryslân twa toppers op it mêd fan Colorguard. Dat is simpel sein in Amerikaanske ferzje fan majorette. Ivanka Haijma en Tjitte Hoekstra fan Seisbierrum waarden dit wykein mei harren team tredde op it WK yn Dayton, Amearika.
huldiging colorguard
De twa traine tsjinwurdich yn Amersfoort, mar binne jierren lyn begûn yn harren wenplak. Dêr krigen se les fan Jitske Knol en Trea Noteboom, dy't sels de sport al tsien jier beoefenje. "It is hiel bysûnder dat se no tredde wurden binne. It is it bêste resultaat fan in Nederlânske ploech ea. De sport wurdt dominearre troch Amerikanen," fertelt Jitske.
De sport is hiel grut yn de Feriene Steaten. Der wurdt les jûn yn de sport op High Schools en it Amerikaanske Dayton, dêr't de WK holden waard, wurdt wol sjoen as it Walhalla fan it colorguard. Oars as by bygelyks majorette, sitte der in stik mear sjo-eleminten yn. "De sjo wurdt dien mei in flagge, in sabel en in rifle. Dêr wurdt in goreografy by skreaun fan sa'n fiif oant sân minuten," seit Trea. "Ik tink dat it troch dy eleminten ek leuker is foar it publyk om it te sjen dan majorette," follet Jitske oan.