Sherida Spitse en Loes Geurts opnaam yn seleksje foar WK fuotbal

Middenfjilder Sherida Spitse en keeper Loes Geurts binne troch bûnscoach Sarina Wiegman opnaam yn de definitive seleksje foar it wrâldkampioenskip fuotbal. Dat WK fynt plak yn Frankryk en begjint op 7 juny. De finale is op 7 july.
Friezinnen Sherida Spitse en Loes Geurts by Oranje © Orange Pictures
Wiegman is betiid mei it bekend meitsjen fan de seleksje. De offisjele list, mei 23 nammen en rêchnûmers, moast uterlik 24 maaie ynlevere wurde by it fuotbalbûn FIFA. Allinnich by in swiere blessuere mei der oant 24 oeren foar it begjin fan de earste WK-wedstriid in ferfanger oproppen wurde.
Nederlân spilet op it WK yn de pûl tsjin Nij-Seelân (11 juny), Kameroen (15 juny) en Kanada (20 juny).

Folsleine seleksje

Lineth Beerensteyn (Bayern München), Dominique Bloodworth (Arsenal), Anouk Dekker (Montpellier HSC), Merel van Dongen (Real Betis), Daniëlle van de Donk (Arsenal), Kika van Es (Ajax), Loes Geurts (Kopparbergs/Göteborg FC), Stefanie van der Gragt (FC Barcelona), Jackie Groenen (1. FFC. Frankfurt), Ellen Jansen (Ajax), Renate Jansen (FC Twente), Inessa Kaagman (Everton), Danique Kerkdijk (Bristol City), Lize Kop (Ajax), Desiree van Lunteren (SC Freiburg), Lieke Martens (FC Barcelona), Vivianne Miedema (Arsenal), Liza van der Most (Ajax), Victoria Pelova (ADO Den Haag), Jill Roord (Bayern München), Shanice van de Sanden (Olympique Lyon), Sherida Spitse (Vålerenga) en Sari van Veenendaal (Arsenal).