Rêdingsplan skries: "Boeren zijn dief van eigen portemonnee als ze niet meedoen"

10 apr 2019 - 13:34

Boeren moatte folle better kompensearre wurde as sy maatregels nimme dy't goed binne foar de skries. En de subsydzjeregelingen foar boeren moatte net hieltyd wer oanpast wurde troch de oerheid, sadat boeren better witte wêr't se oan ta binne. Dat fynt âld-miljeuminister Pieter Winsemius. Alles om de skries te rêden.

Skries yn plasdras - Foto: Gerrit Harmen Rypma

Hy komt mei in oantal Fryske miljeu- en natuerorganisaasjes mei in plan om de skries te rêden fan de ûndergong. Fan de populaasje skriezen fyn Nederlân is yn 50 jier tiid 70 persint ferdwûn. Der binne de lêste jierren wol maatregels naam, mar dy hawwe de delgong fan de skries net keare kinnen. Is de skries noch wol te rêden? "Dat is een goede vraag", seit Winsemius. "Volgens vogelkenners kan het wel, maar dan moet er serieus iets gebeuren."

Pieter Winsemius

Winsemius en de natuerorganisaasjes fine no dat de besteande kearngebieten foar de skries flink grutter wurde moatte. "Je moet grote, aaneengesloten gebieden hebben", seit Winsemius nei oanlieding fan syn petearen mei alderhanne saakkundigen. "Gebieden van 1000 hectare, waarvan 200 hectare 'harde natuur' is. Daar kunnen de vogels in het voorjaar in wegvluchten."

Ek moat it wetterpeil yn it briedseizoen flink omheech. "Tot vlak onder het maaiveld. Dat is niet prettig voor de boeren, maar wel noodzakelijk voor de grutto, want anders kan die niet goed voederen. Ook het gras moet hoger blijven staan. Dat zijn allemaal bekende recepten."

Als je de predatoren niet buiten de terreinen houdt, dan kun je het wel schudden.

Pieter Winsemius

Yn greidefûgelgebieten soene beammen en strûkjes ferdwine moatte, omdat dy in skûlplak binne foar rôfdieren. "Want als je die niet buiten de terreinen houdt, dan kun je het wel schudden."

Yn de praktyk bringe

"Op papier zijn de maatregelen eenvoudig, maar je hebt wel de medewerking nodig van bijvoorbeeld de boeren", seit Winsemius. En dus moatte de boeren kompensearre wurde. "Daar zit een grote verbetering momenteel. Het Europese beleid biedt meer, FrieslandCampina is begonnen met meer melkgeld, je zou de waterschapslasten kunnen veranderen. Er zijn wat mogelijkheden om de boeren beter te laten verdienen. Als ze dan niet meedoen, zijn ze een dief van hun eigen portemonnee."

De bal leit, wat Winsemius oanbelanget, no by minister Carola Schouten. "Den Haag moet het voortouw nemen. Schouten moet de groepen bij elkaar brengen en wetgeving veranderen. Als er een goed verdienmodel ligt, moet het daarna in de provincies gebeuren. Dat is nog wel een hele klus."

Enoarme ferantwurdlikheid

Winsemius hat der wol fertrouwen yn. "Het draagvlak is behoorlijk groot", seit er. "De grutto is de nationale vogel. We zijn wel ver teruggevallen, maar 85% van alle grutto's wereldwijd broedt in Nederland. Dus we hebben een enorme verantwoordelijkheid."

(advertinsje)
(advertinsje)