Nederlânske iishockeyfroulju hast wrâldkampioen yn earste difyzje B nei winst op Letlân

10 apr 2019 - 13:05

It Nederlânske iishockeyteam, mei trije Friezinnen, is tichteby de wrâldtitel yn de earste difyzje B. De Nederlânske ploech wûn yn Sina woansdeitemoarn mei 3-1 fan Letlân en hat noch minimaal ien punt nedich foar de titel.

it Nederlânsk frouljusiishockeyteam - Foto: eigen foto

Ien fan de Fryske spylsters is de 22-jierrige Hilda Huisman fan It Hearrenfean. Sy wie belangryk foar Nederlân. By in stân fan 1-1 makke Huisman de 2-1. Yn de lêste perioade makke Nederlân dien wurk en skoarde noch de 3-1.

Huisman spilet krekt as Esther de Jong foar de Unis Flyers. De 17-jierrige Esther de Jong komt ek fan It Hearrenfean. Nadia Zijlstra fan Ljouwert is de Fryske iishockeyster mei de measte ûnderfining. De goalie is belangryk foar Nederlân en promovearre earder al fan difyzje 2A nei 1B.

Promoasje nei 1A

As Nederlân yn Peking de wrâldtitel yn 1B pakt, promovearre se nei 1A. Dat is it ien nei heechste nivo. Tongersdei folget de beslissing, dan spilet Nederlân tsjin Poalen.

Stân WK Iishockey difyzje 1B

  1. Nederlân 4-12
  2. Poalen 4-8
  3. Sina 4-6
  4. Súd-Korea 3-3
  5. Letlân 4-2
  6. Kazachstan 3-1

Allinnich de nûmer 1 fan difyzje 1B promovearret nei difyzje 1A.

Trefwurden: 
Oranje iishockey
(advertinsje)