Wetterskip hat drûchte ûnder kontrôle

Wetterskip Fryslân giet der fanút dat der oant juny gjin problemen binne mei de wetterstân yn Fryslân. Neffens boezembehearder Pier Schaper hat maart as wiete moanne derfoar soarge dat de measte swierrichheden mei de drûchte yn Fryslân oplost binne. Wat der yn maaie en juny oan reinwetter komt, bliuwt ôfwachtsjen.
Drûch boulân yn de neisimmer fan 2018 © Omrop Fryslân
"It hinget fan de kommende moannen ôf," seit Pier Schaper fan Wetterskip Fryslân. "Komt der noch wetter, dan is der gjin probleem. Mar oars miskien wol." Dat kin foar boeren swierrichheden jaan. "As it reinwetter útbliuwt kin der op 'e nij ynsiedde wurde moatte, mar dat is hiel útsûnderlik. Wy kinne oant maaie, juny it wetterpeil wol op nivo hâlde."

Grûnwetterpeil noch wol leger

Wol stiet it grûnwetterpeil yn ús provinsje op it stuit fiif sintimeter leger as gewoanwei. It Wetterskip lit op dit stuit by De Lemmer wol wer wetter fanút de Iselmar yn de Fryske boezem. Neffens Schaper wurdt dit dien om it peil yn de boezem op nivo te hâlden. Boppedat wurdt it wetter yn de Fryske boezem dêrmei skjinner.
De gefolgen fan de drûchte kinne neffens Schaper ferskille. "Yn de omkriten fan Appelskea is bygelyks net mooglik op te meallen, dêr binne wy folslein ôfhinklik fan reinwetter."
Nettsjinsteande de rein fan maart sjocht Schaper wol dat de hichte fan it grûnwetter útsakke is. "It duorret grif in oantal jierren foar it folslein wersteld is. Dochs is it no net soarchlik, foar de Fryske boezem is it noch in normale situaasje." It waar is feroarlik neffens Schaper, der kin noch min wat sein wurde oer wat der yn maaie út de loft komt.