Ljouwerter basketballers fan Aris wis fan play-offs, sûnder te spyljen

10 apr 2019 - 12:16

Aris is sûnder te spyljen wis fan dielname oan de play-offs. Ien fan de dielnimmers oan de Basketbal League is út de kompetysje naam. Dutch Windmills út Dordrecht makke dit seizoen syn debút, mar kin net mear foldwaan oan de finansjele ferplichtings.

Craig Osaikhwuwuomwan - Foto: www.orange-pictures.nl

Troch de finansjele problemen kin Dutch Windmills it seizoen net ôfmeitsje. Boppedat wurde de útslaggen tsjin Dordrecht yn de twadde helte dan de kompetysje skrast. Aris klimt dêrtroch fan it achtste nei it sânde plak. De earste acht pleatse harren foar de kwartfinale fan de play-offs. Aris kin no sels noch fiifde wurde.

Aris soe de ien-nei-lêste wedstriid nei Dordrecht op 25 april, mar dy giet no dus net troch. Aris hat no noch fjouwer wedstriden te gean.

Trefwurden: 
play-offs Aris basketbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)