Kollum: "Harry"

10 apr 2019 - 12:06

"Harry van der Molen is Twadde Keamerlid foar it CDA. Hy hat op 't heden ek noch in bybaantsje: hy moat in kolleezje fan Deputearre Steaten foar Fryslân yninoar prutse. Ta myn fernuvering docht er dat der mar wat njonken.

Foto: Omrop Fryslân

Kollum Eelke Lok

Harry is in o sa drok man. Sels doe't hy it bybaantsje al hie, wie hy yn de Twadde Keamer likegoed noch warber om in gebaretolk by parsekonferinsjes fan de oerheid te krijen. Dat moat ek, al bin ik no al wis dat der gjin gebaretolk by de parsekonferinsje oer it nije Fryske kolleezje wêze sil.

Harry wie ek dwaande mei in oanpast OZB-taryf foar sportferieningen en Fryske doarpshuzen. Hy siet der ek oer yn dat frijwilligers fan de Oranjeferienings dermei ophâlde, om't syn oerheidsamten allegearre drege regeltsjes betocht hawwe. Hy makket him ek ôfgryslik drok oer dat hy net oer de Ofslútdyk nei de Keamer fytse kin. Hy hat alle dagen wol in fraach oan ien of oare minister.

Harry hie ferline wike ek noch geweldige diskusjes. Hy fynt dat politike partijen net in omrop oprjochtsje meie. En dat wylst de NCRV/KRO fan it CDA is, de AVRO/TROS fan de VVD en BNN/Vara fan de PvdA, de EO fan de ChristenUnie. Dat mei fan Harry dan wol wer. Mar it liket dat Harry yn de Fryske tuskentrochjes leard hat dat dy Hiddema fan Forum sa gau as mooglik in eigen Holwerter omrop hawwe wol. Dat mei wer net. It liket my swier in ûnderskied te meitsjen yn wat wol en wat net mei, mar ik haw in radio en telefyzje mei in útknop, dus it kin my net in moer skele. Mar Harry wit dat de media de ferkiezingen bepale. Dat de wrâld oars en transparant wurden is.

Harry is net transparant. En soe gjin tiid hawwe moatte foar al dat Keamergedoch; hy moat ommers dei en nacht dwaande wêze sa gau mooglik in nij kolleezje te meitsjen. De ferkiezingen hawwe ommers opsmiten dat it hjoeddeiske kolleezje net doocht. Mar hy fertelt ús neat.

Dus ik twittere: wat bart der no yn Fryslân Harry, moatte wy mar wachtsje? Harry twitttere yn in oere werom en sei dat myn libben inkeld bestiet út it ôfwachtsjen wat der bart en dat ik der dan dêrnei wat fan fine mei. Oftewol: bek hâlde, oant ik fertel wat we yn dy efterkeammerkes beslikke hawwe. Ik siet ik ferslein op de stoel. Selden krije je sa'n klap foar de harsens.

Lokkich bestiet Atze Jan de Vries fan de Ljouwerter Krante. Dy hat der ek it mier oan dat alles sa hoeden en tsjuster bart. Mar hy wit ek dat it gjin doel hat Harry te folgjen, want dy is inkeld dwaande mei gebaretolken, dy't fertelle dat je net fytse kinne op de Ofslútdyk.

Nim no Wiegel. Dy docht it selde wurk as Harry yn Súdhollân. Hy jout parsekonferinsjes. Harry stjoerde inkeld ien fotoke dat hy oan in tafel sit njonken in famke mei in laptopke. It iennige wat Atze Jan te hearen krige wie, dat der no praten wurdt mei fiif partijen, wêr't dan fjouwer útrôlje moatte. Dat koe net oars as bekend wurde, want Grien Links en de ChristenUnie diene ynienen net mear mei en as je net mear meidogge dan meie je de mûle wer iepen dwaan.

Dat mei ik dus net fan Harry. Mar ik doch it lekker wol. Bêste Harry: Fryslân hat neat oan in rjochts motorblokje CDA/Forum/VVD mei oanhingweintsje FNP, dat net iens hingje bliuwt as se in kear goed nei har eigen programma sjogge. Nee, Harry: Fryslân hat behoefte oan in goed gearwurkjend ploechje dat wurket oan in kompromis tusken rûchwei sein ekonomysk en lanskiplik tinken. Dat is by it Wetterskip Fryslân alhiel net slagge. Te mear reden foar dy om it wol goed te dwaan.

Dus CDA/PvdA/VVD/FNP. Want Forum tinkt net om de mienskip, inkeld om harsels. Sjoch Harry: ik haw ek leaver Grien Links as de VVD. Ofsjoen dat it krekt ien te min is, mar wat je wolle docht der net ta. Wat nedich is, is folle wichtiger. Want as we it net dogge slaan wy inoar oer twa jier mei de wynmûnen om de harsens. Hearst my wol Harry? Of moat ik der in gebaretolk by helje?"

Trefwurden: 
Kollum De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)