13 Sollisitanten foar boargemasterskip Ljouwert

10 apr 2019 - 12:06

Der binne 9 manlju en 4 frouljy dy't sollisitearje nei it boargemasterskip fan de gemeente Ljouwert. De hjoeddeiske boargemaster Ferd Crone hâldt takom simmer op mei syn wurk, kommissaris fan de Kening Arno Brok hat yntusken petearen mei de 13 sollisitanten fierd.

It gemeentehûs fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De VVD is mei 3 gadingmakkers it meast fertsjinwurdige. De oare kandidaten binne fan de PvdA (2), CDA (2) en GrienLinks (1). Fierder is der ien belangstellende bûten de gemeente Ljouwert aktyf foar in lokale partij en trije sollisitanten sûnder partij.

Ferd Crone hat hast 12 jier boargemaster fan Ljouwert west. Doe't hy yn 2017 begûn, wiene der 17 sollisitanten. Dêr wie doe mar ien frou by. No binne der 9 sollisitanten yn de leeftiid tusken de 50 en de 60 jier, 2 yn de leeftiid tusken de 60 en 70 jier en ien 40'er en ien 30'er.

It seleksjeproses

Kommissaris fan de Kening Arno Brok hat nei petearen mei de kandidaten in seleksje makke út de sollisitanten. Tiisdei hat Brok oerlein mei de gemeentlike betrouwenskommisje, dy't alle sollisitaasjebrieven te sjen krijt.

De kommisje praat mei de selektearre kandidaten en bringt de gemeenteried op de hichte mei in konsept-oanrikkemandaasje. De ried beslút úteinlik hokker twa kandidaten op de oanbefelling komme en yn hokker folchoarder.

De minister fan Ynlânske Saken folget yn har foardracht oan de kening de oanbefelling fan de ried. De nije boargemaster wurdt troch keninklik beslút beneamd.

Kommissaris fan de Kening Arno Brok ferwachtet dat de nije boargemaster takom simmer begjinne kin.

(advertinsje)
(advertinsje)