FIDEO: Mei op kontenerkontrôle yn de Rotterdamske haven

10 apr 2019 - 11:39

Santich kontenerskippen wurde ekstra kontrolearre troch de Inspectie Leefomjouwing en Transport op it goed fêstsetten fan konteners. De kontrôles binne goed twa wiken lyn úteinset en gean acht wiken lang troch. Yn alle seehavens sjogge 24 ynspekteurs de wize fan fêstsetten nei. Omrop Fryslân-ferslachjouwer Remco de Vries is derby.

De kontrôle fan de Inspectie Leefomjouwing en Transport is de ôfrûne jierren ien kear earder dien. Yn 2010 kaam nei bûten dat der yn de helte fan alle gefallen wat net doogde. Oft dat dizze kear better wêze sil, is noch ûndúdlik.

It byld is dat it better wurden is, mar om dat te kontrolearjen wurde no de ekstra kontrôles útfierd, sa seit de ynspeksje.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries
Trefwurden: 
kontrôle Rotterdam kontener
(advertinsje)
(advertinsje)