Anne van Dijk makket seizoen ôf as haadcoach by Aris

10 apr 2019 - 10:39

Anne van Dijk is oant de ein fan it seizoen haadcoach by Aris Ljouwert. Dat binne Van Dijk en de basketbalklup tiisdeitejûn oerienkaam.

Foto: Dijksfotografie

Van Dijk wie oant no ta assistint-coach fan Tony Van den Bosch. Dy is fuortendaliks opstapt om as haadcoach by it Belgyske Okapi Aalstar oan de slach te gean. Van Dijk stiet sûnt tiisdei as haadcoach foar de groep en makket kommende sneon syn debút yn de thúswedstriid tsjin koprinner Leiden.

Trefwurden: 
Anne van Dijk Aris basketbal
(advertinsje)
(advertinsje)