10 Young Leaders sette harren yn foar Easterwâlde

Easterwâlde hat der 10 Young Leaders by. It is jongerenwurk yn in modern jaske: 10 jongeren út Easterwâlde krigen in spesjaal sertifikaat nei't se 10 young leadership treningsjûnen folge hiene.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
It Young Leaders-programma rjochtet him op jongerein út kwetsbere buerten en doarpen. It doel is om harren selsbewuster te meitsjen sadat se in rolmodel foar leeftiidsgenoaten wurde kinne. Ek wurde se stimulearre harren yn te setten foar de buert of doarp.
Ferskate organisaasjes hawwe de krêften yn dit projekt bondele, mei as resultaat dizze twadde groep fan tsien jongeren as sertifisearde Young Leaders. Dit projekt stiet los fan skoalle en is ûnderdiel fan it trajekt 'betrokken dorp.'
Op 11 maaie folget de echte ôfsluting, dan organisearje de bern in sporttoernoai mei as titel Six Ways.