Brân yn wenning oan de Zijlroede op It Hearrenfean ûnder kontrôle

De brân yn in tuskenwenning oan de Zijlroede op It Hearrenfean is ûnder kontrôle. Der rekke net ien ferwûne, de bewenners wiene gau út de wenning en koene ek harren húsbisten rêde. It fjoer siet benammen yn it dak fan de wenning.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
De brânwacht hat foarkomme kinnen dat de brân oersloech nei de njonkenlizzende wenningen. De korpsen fan Tsjalbert en It Hearrenfean wiene oproppen foar de brân. Om alve oere hinne koe it sein 'brand meester' jûn wurde.