Wonder Woman komt út Fryslân en se hjit Maeve

De 13-jierrige Maeve van der Veer is in stjer. De jonge ynwenster fan De Lemmer ferôveret de wrâld mei fitnessfoto's en -filmkes, wêrmei't se alle dagen hast 50.000 minsken berikt. Dêrnjonken is se de earste Nederlanner dy't meidwaan mei oan it EK Kidsfitness, dat dit jier hâlden wurdt yn Servië.
Maeve van der Veer yn aksje mei har oefening © eigen foto
Kidsfitness. Miskien tinke je dan oan bern mei grutte spierballen, mar as je Maeve van der Veer moetsje, sjogge je fuortendaliks al dat dit net kloppet. Kidsfitness liket neffens de fitte Lemster noch it measte op flieroefeningen dy't we kenne fan it Olympysk turnjen. "It is in mix fan dûnseleminten, turneleminten en eksplosive bewegingen", fertelt Maeve. "Moatst as sporter in rûtine yninoar sette, dy'tst sels makkest op muzyk." De rûtine moat dêrnei op in poadium oan in sjuery presintearre wurde.
Maeve is sa goed yn har sport dat se as earste Nederlanner ea meidwaan mei oan it EK Kidsfitness. Hjirfoar stiet noch in NK op it programma, dat no snein hâlden wurdt. "Ik haw der in hiel soad nocht yn", seit se. "De fokus leit no wol earst op it NK, mar as dat klear is meitsje wy ús folslein op foar it EK."

Topsporter

Maeve hat de perfekte eftergrûn foar dizze bysûndere tak fan sport. As Nederlânsk kampioen tastelturnjen sit it nammentlik wol goed mei har turnkwaliteiten. En de leafde foar sport, siet der al betiid yn, sa fertelt se: "Ik bin op myn sechde al begûn mei topsportturnjen op It Hearrenfean en dêrfoar wie ik dwaande mei crossfit, wêrby't ek in soad krêfttesten dien wurde moatte." Dy kombinaasje lei har wol, en dus wie dielname oan Kidsfitness net sa'n nuvere kar.

Instagram famous

Kidsfitness is dan miskien by de gemiddelde Fries wat ûnbekend, op social media is Maeve yntusken al in stjer. Mei filmkes fan har trainingen, akrobatyske sprongen en oefeningen yn Wonder Woman-kostúm wit de jonge topsporter hast 50.000 folgers op instagram te fermeitsjen. Har filmkes wurde tûzenen kearen besjoen, en se hopet dat se oaren ek ynspirearje kin om te bewegen en sûn te wêzen.
Ferslachjouwer Jeroen Boersma is by in training fan Maeve
Moandei 15 april is yn Hea! in portret te sjen fan Maeve van der Veer.