Provinsje liket doelstellingen sinne-enerzjy te heljen

De provinsje Fryslân liket goed op wei om de doelstellingen op it mêd fan sinne-enerzjy yn 2020 te heljen. Yn ús provinsje is ferline jier 278 megawatt oan sinne-enerzjy opwekke. Dat is hast it dûbelde fan it jier dêrfoar, doe't 148 megawatt produsearre waard.
© Omrop Fryslân
Yn dat tempo soe de provinsje yn 2020 de doelstelling fan 500 megawatt helje kinne moatte. Fan de sinne-megawatts fan ferline jier komt it grutste part fan sinnepanielen op dakken: likernôch 200 watt. It oare part komt fan sinnefjilden.

Alliander

De provinsje krijt de sinne-enerzjysifers fan netwurkbedriuw Alliander.
Deputearre Michiel Schrier oer sinne-enerzjy