Sukses mei touringcar-technyk: plysje pakt 128 appers yn it ferkear

10 apr 2019 - 07:27

De plysje hat dizze wike yn Noard-Nederlân in touringcar ynset om te kontrolearjen op beljen achter it stjoer. Yn de bus hiene plysjeminsken goed sicht op automobilisten dy't harren telefoan brûkten. Se waarden op 'e die betrape.

Yn twa dagen tiid waarden 128 automobilisten op 'e bon slingere om't se de mobile telefoan fêst hiene. Dêrnjonken waarden nochris 23 boetes útdield foar fierstente te hurd riden. Mei-inoar krigen twahûndert minsken in bekeuring foar ferkearsoertredingen, wêrby't ien automobilist sels siet te blowen achter it stjoer.

It brûken fan in toerbus om ferkearsoertreders te pakken, is net nij. Sa wurdt it ek al yn oare parten fan it lân brûkt. Foar Noard-Nederlân wie it wol de earste kear. "Maar we gaan het vaker doen, met een bus of camper of een ander voertuig om het gebruik van de mobiele telefoon in het verkeer de kop in te drukken", fertelt Bouwdie Hovinga fan de ferkearsplysje. Earder hat de plysje al wol mei in camper op paad west om minsken te trappearjen.

In soad ûngelokken wurde feroarsake troch ôflieding fan mobyl beljen. Dêrom kontrolearret de plysje dêr geregeld op, seit Hovinga. "Vanuit een gewone politieauto is het soms moeilijk te zien dat iemand met zijn telefoon bezig is. Vanuit een touringcar heb je van boven beter zicht en zie je dat automobilisten vaak hun telefoon gebruiken terwijl die naast hen ligt of op hun knie."

De politie zag het verkeerd. Kijk maar, ik pakte dit flesje parfum en deed een geurtje op.

In automobiliste dy't it net iens is mei de boete

Njoggen ûnopfallende folchauto's fan de plysje dy't út de bus wei oanstjoerd waarden, setten de oertrêders oan de kant en dielden de boetes út. Foar it beethâlden fan de telefoan is dat 240 euro. "Tsja, dat is sneu jild", reagearre in frachtweinbestjoerder. "Ik nim nea de telefoan op en no wol. Dochst it sûnder derby nei te tinken. Stom, want ik wit dat it gefaarlik is."

In automobiliste dy't op de A7 bekeurd waard, ûntkende. "De politie zag het verkeerd. Kijk maar, ik pakte dit flesje parfum en deed een geurtje op." Dochs krige se ek in boete.

Foto: Omrop Fryslan

Wol witte, net dwaan

Hovinga neamt it dramatysk dat safolle minsken noch mei harren tillefoan dwaande binne, wylst se op de sneldyk sitte. "Je ziet dat veel bestuurders zich laten leiden door de mobiel. Zodra die piept, pakken ze hem, met soms hele nare gevolgen."

Ut ûndersyk fan de Stichting Wetenschappelijk Onderzoek Verkeersveiligheid (SWOV) docht bliken dat 65 prosint fan de automobilisten wolris syn of har telefoan brûkt ûnder it autoriden. Tagelyk jout 76 prosint fan de autobestjoerders oan it brûken fan de telefoan ûnder it riden gefaarlik te finen.

Neffens it SWOV ferheget ôflieding troch de tillefoan de kâns op in ûngelok mei in faktor fan mar leafst 3,6. Om te ferlykjen: praten mei in passazjier ferheget it risiko mei 1,4 en iten ûnder it riden makket de kâns op in ûngelok 1,8 kear grutter.

(advertinsje)
(advertinsje)