Wol of gjin ekstra gaswinning Noardwâlde?

Kin der wol as net boarre wurde nei ekstra ierdgas? Dy fraach stie tiisdeitejûn sintraal by in ynringearkomste yn Noardwâlde. Vermilion wol in nij fjild oanboarje, mar omwenners hawwe noed om't der yn it ferline alris in ierdbeving west hat.
© Ronnie Porte
Om in goed byld te krijen fan hoe't it derfoar stiet kinne omwenners en oare belutsenen advys mei arguminten yntsjinje. Dit kinne arguminten foar as tsjin de gaswinning by Noardwâlde wêze. It ministearje wol gasprodusint Vermilion tastimming jaan om 500 miljoen kúb gas út de boaiem te heljen. Om dit te foarinoar te krijen sil der in nij fjild oanboarre wurde, fanút in besteande gaswinlokaasje.
Om't de lokaasje al bestiet, hoecht der gjin proefboarring dien te wurden. En krekt dat fine tsjinstanners net feilich, om't der yn 2009 in ierdbeving mei in krêft fan 2.89 plakfûn hat.

Prate oer de takomst

Yn Noardwâlde wie tiisdei in ynformaasjejûn fan it Ministearje fan Ekonomyske Saken. Undersikers en amtners wiene dêr oanwêzich om noed fuort te nimmen en fragen te beäntwurdzjen. Aksjegroepen tsjin nije gaswinning wiene der ek. De tsjinstanners, wêrûnder de gemeente Weststellingwerf, sizze: net dwaan, dat is te gefaarlik en it giet te fluch. Foarstanners sizze: we moatte wol gas winne en it kin hjir feilich.
Tsjin de tastimming oan Vermilion kin noch beswier makke wurde. Advizen jaan oer it ûntwerpbeslút 'Gaswinning Weststellingwerf-West' kin oant 9 maaie,