Waadferiening: Gjin ûndersiken mear, der moat no echt wat barre

Hoe kin in ramp as mei de MSC Zoe yn de takomst foarkaam wurde? Dy fraach stiet sintraal yn in oerlis dat de fêste kommisje foar Ynfrastruktuer en Wettersteat fan de Twadde Keamer woansdei hâldt. Ferskate saakkundigen skowe oan by dat oerlis om fragen fan de kommisjeleden oer de ramp te beäntwurdzjen.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Under oare boargemaster Ferd Crone as foarsitter fan de Feiligensregio Fryslân, boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach, út namme fan de Waadeilannen, en fertsjintwurdigers fan de fiskers en Rykswettersteat prate mei. Ek Ellen Kuipers fan de Waadferiening sil derby wêze. Sy is spesjalisearre yn skipfeartfeiligens en rampebestriding.
Ellen Kuipers fan de Waadferiening

Needsaak

Wat Ellen Kuipers hopet te berikken is dat de needsaak it Waadgebiet better te beskermjen oerkomt by de Keamerleden en dat sy druk útoefenje kinne, sadat dat no ek echt wat bart. Dus net mear allinnich ûndersiken dwaan. Der kin no al in hiel soad dien wurde, seit se.
Yn it bûtenlân is in hiel soad ûnderfining opdien mei bygelyks oaljerampen. Der binne lessen leard dy't hjir hiel maklik ynfierd wurde kinne. Antisipaasje is needsaaklik, seit Kuipers. Yn it ferline, bygelyks 25 jier ferlyn, wiene der ek al diskusjes oer skippen dêr't konteners oerboard sloegen. Yn al dy tiid binne er hast gjin maatregels naam, útsein it automatysk weagjen. De kontenerskippen binne wol fjouwer of fiif kear sa grut wurden. Nederlân seit ek net dat de skippen fierder út de kust farre moatte. En dan komme der ek noch allegearre wynparken by op de Noardsee. Dêr moat goed sjoen wurde nei de risiko's foar de skipfeart. Wy wolle dat it Waadgebiet goed beskerme wurd, seit Kuipers.

Ien 'kommandant'

As foarbyld hellet se Ingelân oan. Dêr hawwe se ien fertsjintwurdiger fan it ryk dy't yn needsituaasjes op see dy't gefolgen hawwe foar de kust, it kommando oernimme kin. Dy stiet boppe de partijen, los fan polityk en belangen en soarget derfoar dat de ramp sagau mooglik oplost wurdt. Yn it Waadgebiet hawwe in soad partijen in rol yn ynsidintbestriding: Rykswettersteat (op de Noardsee is dan ek wer oars as op de Waadsee), trije provinsjes, de feilichheidsregio's, gemeenten. Ek al docht elk syn bêst, dan is it net genôch. Sa fine de evaluaasjes allegearre plak binne de eigen organisaasje, mar wa docht de evaluaasje fan de evaluaasje?
Yn de earste twa wiken nei de ramp hawwe de frijwilligers it ferskil makke, seit Kuipers. Yn it begjin waarden sy totaal net holpen of begelaat troch de tsjinsten.

'Treddewrâldtastannen'

Kuipers hat yn opdracht fan Rykswettersteat in stik skreaun oer de lessen dy't yn it bûtenlân leard binne en dat taspitst op it Waadgebiet. Dat leit no op de planke. Wêr wachtsje wy noch op, freget se har ôf. It docht Kuipers wol wat. De grutte bergen rotsoai dy't se seach, diene har tinken oan bylden fan ôfffalbergen yn tredde-wrâldlannen op televyzje. Dan tinke jo 'Wat in binde'. Mar dat hiene wy hjir ek.