Oranjefroulju mei Spitse en Geurts yn oefenynterlân fierstente sterk foar Sily

09 apr 2019 - 20:35

De Oranjefroulju hawwe tiisdeitejûn yn it AFAS Stadion yn Alkmaar in ienfâldige oerwinning behelle op Sily. De ploech wie yn de oefenynterlân yn tarieding op it WK yn juny mei mar leafst 7-0 te sterk foar de Súd-Amerikaanske opponint. De Friezinnen Sherida Spitse en Loes Geurts begûnen by Oranje yn de basis.

Sherida Spitse en bûnscoach Sarina Wiegman - Foto: OrangePictures

Al yn de twadde minút kaam Nederlân op foarsprong troch in doelpunt fan Daniëlle van de Donk. Net folle letter ferdûbele Lieke Martens fan FC Barcelona út in corner fan Spitse de foarsprong fan de Oranjefroulju. Dêrmei wie it yn de earste helte noch net klear foar de ploech fan Sarina Wiegman, want mei goals yn de 21e en 27e minút makke Van de Donk har hattrick binnen it healoere kompleet: 4-0. Vivianne Miedema (âld-SC Hearrenfean) en Shanice van de Sanden hellen mei harren goals de skoare noch fierder omheech: 6-0.

Pas yn de twadde helte gong de Oranje-stoarm lizzen en joech bûnscoach Wiegman ek spyltiid oan wat bankspylsters. Under mear Spitse makke dêrtroch de njoggentich minuten net fol. De einstân waard úteinlik yn de slotfaze troch op 'e nij in treffer fan Van de Donk op 7-0 brocht.

Tarieding op it WK

De Oranjefroulju spilen it oefenduel tsjin Sily yn it ramt fan de tarieding op it WK yn Frankryk fan kommende simmer. Nederlân moat it dan yn de pûlfaze opnimme tsjin Nij-Seelân, Kamerûn en Kanada. Oan it WK dogge yn totaal 24 lannen mei.

(advertinsje)
(advertinsje)