Neimakpistoalen yn beslach nommen fan twa Drachtster jonges
De plysje hat tiisdeitemiddei yn Drachten twa neppistoalen yn beslach nommen. Twa jongeren wiene oan it boartsjen mei de saneamde BB-guns. Dy binne hast net fan echte pistoalen te ûnderskieden. Se wurde ek wol baltsjespistoal neamd en sjitte mei keunststof baltsjes. Dat kin wol gefaarlik wêze.
De twa jongeren hawwe gjin boete krigen. Se binne allinne stevich tasprutsen troch de plysje.