Folle krêft foarút: Aris bringt âlderein yn beweging yn Swettehiem

09 apr 2019 - 19:16

Yn de tredde ôflevering fan 'Folle krêft foarút' gean twa basketballers fan Aris Ljouwert, Sjoerd Koopmans en de Amerikaan David Michaels, nei wensoarchsintrum Swettehiem. It twatal jout dêr mei twa clinic-coaches les oan de âlderein.

Aris Ljouwert jout sûnt twa jier yn it ramt fan it projekt 'Senioren door basketbal in beweging' sa'n tweintich clinics yn it jier oan âlderen rûnom yn de provinsje. De klup docht dat om de âlderein yn beweging te krijen, mar ek om de minsken mei-inoar yn kontakt te bringen. Dêrmei hopet Aris âlderein út it isolement te heljen.

Neist de clinic krije de âlderen ek in útnûging foar in wedstriid fan de Ljouwerter basketbalklup. Se kinne dan op in sneintemiddei fan de businesstribune ôf in wedstriid yn de Dutch Basketball League sjen.

Foto: Sierd Dijkman

Yn de online rige 'Folle krêft foarút' folget Omrop Fryslân sân wiken lang alles fan de Ljouwerter basketbalklup Aris Ljouwert. Alle wiken komt op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app ien ôflevering online.

(advertinsje)
(advertinsje)