Omrop TIP: iepenUP mei Dieuwertje Blok

09 apr 2019 - 18:56

In iepenUP kolleezje spesjaal foar bern. Dat is de opset fan it Frijheidskolleezje dat woansdei 10 april organisearre wurdt yn Ljouwert. It bernekolleezje fan iepenUP is ûnderdiel fan in grutte rige Frijheidskolleezjes dy't rûnom yn it lân hâlden wurde. Dat alles is fan 15.00 oere ôf ek te sjen Omropfryslan.nl, de Omrop-app en Facebook.

Foto: Omrop Fryslân

De Frijheidskolleezjes binne in opmaat nei Befrijingsdei op 5 maaie. De edysje fan woansdei wurdt dien troch Dieuwertje Blok, bekend fan it Sinterklaasjournaal.

Blok wit út persoanlike ûnderfining yn har famylje dat frijheid net fanselssprekkend is. Har mem wie fan Joadske komôf en har beppe wie de ynternasjonaal ferneamde keunstner Stella Fontaine. Sy wist yn de Twadde Wrâldoarloch ûnder te dûken, mar oare famyljeleden waarden fermoarde yn de konsintraasjekampen fan Sobibór en Auschwitz.

It bernekolleezje is woansdei 10 april yn Neushoorn yn Ljouwert, en it is allinnich tagonklik foar bern yn de leeftiid fan 9 oant 12 jier, en harren âlden.

Alle woansdeis stean yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal. Hoe libje wy mei ús allen, hokker subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.

Elkenien kin oanwaaien komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is te folgjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op de Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

(advertinsje)
(advertinsje)